Tintefeest Grinsleas

Yn maaie 2020 fiert F.F.J. Bernlef har 95-jierrich bestean. Om it 19e lustrum te fieren sille der it hiele jier foarôfgeand oan de jierdei aktiviteiten plakhawwe, rûn it tema “Ut ‘e Skroeven”. It hichtepunt fan dizze aktiviteiten is it tintefeest Grinsleas, dat plakhawwe sil op 31 augustus 2019 yn Marsum. Mei it tintefeest wolle wy as Friezen om útens graach wat werom dwaan foar it heitelân en dêrneist benammen ek de jongerein yn Fryslân belûke by ús feriening en it studintelibben, mar elkenien is fansels tige wolkom om mei ús mei te fieren!

 

Kaartferkeap

 

Optredens

Piter Wilkens

F.F.J. Bernlef har eigen hústrûbadoer Piter Wilkens sil it feest iepenje. Mei syn Fryske muzyk is hy in wiere ambassadeur foar Fryslân en de Fryske (muzyk)kultuer. Bêst genôch!

piterwilkens.frl

Feestband Exposure

As goed rinnende partymasine sil Feestband Exposure dêrfoar soargje dat Grinsleas ien grut feest wurdt! Yn de ynteraktive non-stop show komme mear as 200 hits yn razend tempo foarby! Dat allegear dogge sy mei alderraarst folle enerzjy fan 5 man en in sjongster. Dat kinst dus net misse!

exposurelive.nl

DJ All Tha Fokk

In DJ dy’t de beste hitsjes draait én soarget foar in geweldige feestsfear, DJ All Tha Fokk docht it! Hy is krekt werom út Australië en hielendal klear foar ús feest! Yn ‘e Waadhoeke is hy ek wol bekend fan syn draaikeunsten by TDF

Lokaasje

Sosjale media

F.F.J. Bernlef
183 posts
443 followers
520 following
Nijsgjirrich nei Bernlef? Kom dan ris del op tiisdei, tongersdei of freed of sjoch op www.bernlef.frl http://www.bernlef.frl/
  • 60
  • 0
  • 50
  • 0
  • 79
  • 1
  • 80
  • 1
  • 13
  • 1
  • 10
  • 0

Stipe

Grinsleas, it moaiste tintefeest fan it jier, sil plak hawwe op 31 augustus 2019 yn Marsum (frl). It wurdt al in skitterjend feest, mar mei dyn help kinne wy soargje dat ûnder oaren de ferneamde Fryske trûbadoer PITER WILKENS in optreden jout! Bisto lid, âld-lid as freon fan Bernlef, of komsto op it feest en wolsto ek genietsje kinne fan syn optreden, doch dan in bydrage. Foar elke €50,- krigest boppedat in fergees tagongskaart! Fansels is ekstra jild fan herte wolkom: dit sil de ferdivedaasje noch in stapke heger bringe.

Naam*

E-mailadres*

Bedrag €*



Húsregels

  • Alkohol;
    Wy skinke gjin alkohoalyske dranken oan jongerein ûnder de 18 jier. It barpersoniel kin om legitimaasje freegje. Dêrneist stean wy foar ferantwurd alkoholgebrûk. Misbrûk fan alkohol wurdt net tolerearre.

    Wij schenken geen alcoholische dranken aan jongeren onder de 18 jaar! Het barpersoneel kan je om legitimatie vragen. Daarnaast staan wij voor een verantwoord alcoholgebruik. Misbruik van alcohol wordt niet getolereerd.
  • Roken;
    It is ferbean om te roken yn ‘e tinte

    Het is verboden om te roken in de tent
  • Identifikaasje;
    Wilens it tintefeest moasto dy legitimearje kinne mei ien fan de folgjende legitimaasjebewiizen: paspoart, Nederlânske identiteitskaart, riidbewiis as bromfytssertifikaat. Gjin ID mei? Dan krigest in bandsje foar <18 jier, dat gjin drank.

    Tijdens het festival moet je je kunnen legitimeren met één van de volgende legitimatiebewijzen: paspoort, Nederlandse Identiteitskaart, rijbewijs of bromfietscertificaat. Géén ID kaart mee? Dan een bandje voor jonger dan 18 jaar, dus geen drank.
  • Brânbefeiliging;
    Folgje by kalamiteiten altyd de ynstruksjes fan meiwurkers/befeiligers op. Reitsje net yn panyk by brân en warskôgje lyk meiwurkers/befeiligers.

    Volg bij calamiteiten altijd de instructies van medewerkers/beveiligingsmedewerkers op. Raak in ieder geval niet in paniek bij brand en waarschuw medewerkers/beveiligingsmedewerkers onmiddellijk.
  • Oanwizingen opfolgje;
    De besikers binne ferplicht om foarskriften en oanwizingen fan meiwurkers en befeiligers op te folgjen.

    De bezoekers zijn verplicht de voorschriften en aanwijzingen van de medewerkers en beveiligingsmedewerkers op te volgen.
  • Eigendommen;
    It is ferbean Grinsleas-materiaal mei te nimmen fan it terrein ôf. By beskeadiging hjirfan en fan eigendommen yn ‘e direkte omjouwing fan it Grinsleas-terrein binne jo oanspraaklik foar de reparaasje en/as fernijingskosten.

    Het is verboden Grinsleas-materiaal mee te nemen vanaf het Grinsleas-terrein. Bij beschadiging hiervan en van eigendommen van derden in de directe omgeving van het Grinsleas-terrein bent u aansprakelijk voor de reparatie en/of vernieuwingskosten.
  • Fûne foarwerpen;
    Fûne foarwerpen moatte jo by de muntferkeap ynleverje.

    Gevonden voorwerpen dient u bij de muntverkoop in te leveren.
  • Hannel yn guod;
    It is ferbean om op of yn ‘e direkte omjouwing fan it Grinsleas-terrein guod as tagongskaarten te ferhanneljen en/as him skuldich te meitsjen oan heling.

    Het is verboden op of in de directe omgeving van het Grinsleas-terrein goederen of entreekaarten te verhandelen en/of zich schuldig te maken aan heling.
  • Goaien;
    It is ferbean om mei dranken as oar guod te goaien nei it poadium en de apparatuur. De makke skea wurdt persoanlik op jo ferhelle.

    Het is verboden met dranken of andere goederen te gooien naar het podium en naar apparatuur. De gemaakte schade wordt persoonlijk op u verhaald.
  • Wapens;
    It brûken as by jo ha fan wapens is ten strangste ferbean. Befeiligers kinne jo kontrolearje en as fûllearje op it yn besit hawwen fan wapens.

    Het gebruiken of bij zich hebben van enigerlei wapens is ten strengste verboden. De beveiligingsmedewerkers kunnen u controleren en/of fouilleren op het bezit van wapens.
  • Parkearren en fytsestalling;
    Jo moatte jo ferfiermiddel op de oanjoegen plakken parkearre, sûnder oerlêst foar oaren te jaan. As it ferfiermiddel bûten de oanjoegen plakken stiet rinne jo it risiko dat dizze ferwidere wurdt.

    U dient uw voertuig zodanig op de aangeven plaatsen te parkeren, dat derden geen overlast wordt aangedaan. Indien u zich hieraan niet houdt loopt u het risico dat uw voertuig wordt verwijderd.
  • Drugs;
    It brûken en ferhanneljen fan soft-/harddrugs is strang ferbean.

    Het  gebruik of verhandelen van soft-/harddrugs is ten strengste verboden.
  • Fûllearje;
    Jo kinne fûllearre wurde troch befeiligers as dêr oanlieding ta is. Dit wurdt dien om elkenien yn ferbân mei algemiene feiligens te beskermjen. Froulju kinne op fersyk fûllearre wurde troch froulike befeiligingsmeiwurkers.

    Er kan zich de mogelijkheid voordoen dat u zich moet laten onderwerpen aan een controle door beveiligingsmedewerkers. Deze controle is ingesteld om iedereen in verband met de algemene veiligheid te beschermen. Vrouwen kunnen op verzoek worden gefouilleerd door een vrouwelijke beveiligingsmedewerkster.
  • Bern jonger as 12 jier;
    Bern jonger as 12 jier betrede ûnder begelieding fan in âlder op eigen risiko de tinte.

    Kinderen jonger dan 12 jaar betreden onder begeleiding van een ouder op eigen risico de tent’.
  • Lûdsnivo;
    In de tinte wurdt lûd makke. Grinsleas is op gjin inkelde manier oanspraaklik foar neidielige gefolgen dy’t hjirtroch optrede kinne oan jo gehoar.

    In de tent wordt geluid geproduceerd. Grinsleas aanvaardt geen enkele aansprakelijkheid voor nadelige gevolgen die hierdoor wellicht op kunnen treden aan uw gehoor. Het verblijf in de tent geschiedt daarom op uw eigen risico.
  • Garderôbe;
    Frij gebrûk fan de (ûnbefeilige) garderôbe. De organisaasje stelt him net oanspraaklik foar skade as ferlies fan guod.

    Gratis gebruik van de (onbeveiligde) garderobe. De organisatie stelt zich niet aansprakelijk, voor schade aan goederen of diefstal van goederen.
  • Promoasje;
    Al it byldmateriaal (foto’s en fideo’s) meie brûkt wurde foar promoasje.

    Alle foto’s en video’s mogen gebruikt worden voor reclamedoeleinden
  • Munten;
    It is net mooglik om drank te beteljen mei jild. It brûken fan munten is ferplicht. Ferkochte munten wurde net wer retoer nommen.

    Het is niet mogelijk om drank te betalen met geld, het gebruik van munten is verplicht. Gekochte munten worden niet retour genomen.
  • Slútingstiden;
    De muzyk is ôfrûn om 02:00 oere, de bar slút om 02:30 oere en elkenien moat om 03:00 fan it terrein wêze.

    De muziek stopt om 02:00 uur, de bar sluit om 02:30 uur en het terrein is leeg om 03:00 uur. Iedereen dient om 03:00 uur van het terrein af te zijn.
  • It betreden fan it Grinsleas-terrein is op eigen risiko!
    It betreden van het Grinsleas-terrein is op eigen risico!

Poster